Hoofdtekst
Yn Nes, in eintsje bûten 't doarp stiet in greate pleats. Dêr wennet nou Willem Feitsma op. Froeger wenne dêr Durk Bolman. De boeren hienen yndertiid in sooske. It wie wenst dat se dêr snein-to-jouns hinne gongen. Durk Bolman foun út, omdat se dy jouns yn 'e fine tsjerke it avondmael hâldden, koenen sy dat ek wolris ûnder elkoar dwaen by Rypma yn 'e herberch, dêr't se sieten.
"Ik wol doomny wêze", sei er. Sa sieten se dêr mei wyn en bôlle. It formelier wist er neat fan. Dêr makke er spottenderwize hwat fan.
De jouns soed er nei hûs ta. Mar doe kaem de kweade him op side. Hy woarde bang. Hy fleach oer lannen en troch sleatten hinne om mar gau thús to kommen.
De oare deis wied er alhiel toklaud yn 't gesicht.
Jelle Kampen hat it my forteld.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een groep boeren vierden in de kroeg eens het heilig avondmaal. Op de terugweg werd een van hun gepakt door de duivel. Hij werd over het land en door sloten geworpen. De volgende dag was zijn gezich gewond.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 694, verhaal 24
Commentaar
5 juli 1969
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Willem Feitsma   
Durk Bolman   
Jelle Kampen   
Naam Locatie in Tekst
Nes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21