Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ069901

Een sage (mondeling), dinsdag 06 mei 1969

Hoofdtekst

Myn man hie in suster dy hie in jonkje, dat hiet fan Bokke. Dy wie nei myn man neamd. It bern wie sa soun as in fisk.
Hy wie fjouwer jier, doe droomde ik op in nacht. Wylst ik op bêd lei seach ik in hiele bigraffenis. It wie Bokke dy't stoarn wie. Ik seach de kiste, de krânse, de skoalbern, de skoalmaster, alles seach ik. 't Wie yn 'e neinacht, yn jannewaris.
Acht jier letter as doe't ik it droomde is 't gebeurd.
Bokke wie doe tolve jier en gong op skoalle. De master, de skoalbern, alles wie der achteroan. Krekt sa't ik it doe foar acht jier yn 'e droom sjoen hie. 't Is allegear útkom.
Ik wyt noch dat ik dy nacht, doe't ik dat droomd hie, tige binaud wie. Ik die de fuotten bûten 't bêd om mar goed wekker to wurden en 't fan my ôf to setten.


Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Acht jaar nadat een vrouw de begrafenis van haar neef in een droom heeft gezien is de begrafenis werkelijkheid en precies zoals ze heeft gedroomd.




Bron

Corpus Jaarsma, Archief Meertens Instituut, verslag 699, verhaal 1

Commentaar

6 mei 1969
Das zweite Gesicht

Naam Locatie in Tekst

Bokke    Bokke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21