Hoofdtekst
Der wie ris ien yn Fryslân, dy koe hiel hurd ride op redens. Sa hurd, dat der wie net ien dy't it tsjin him hâlde koe. Hy stoude elkenien foarby.
Doe gebeurde it dat der ien njonken him kom. Doe rieden se tsjin elkoar. Hy ried sa hurd er koe, om it mar fan dy oare to winnen. Doe stoude er yn in wek, dat er net sjoen hie.
Dat gebeurde mei sa'n feart, dat hy rekke mei de hals tsjin 'e skerpe kant fan it iis oan. De holle wie doe fan 'e romp. De holle glied oer 't iis fierder en de romp ûnder it iis, beide yn 'e selde rjochting. Trochdat er sa'n feart hie, gong it hurd, like hurd as deselde dy't nou njonken de glidende kop ried.
Doe kom der wèr in wek, doe stoude de romp mei de earmen en skonken der wer út en de kop kom der wer op. Hy wie wer fierder riden, krekt as wie der neat gebeurd en de oare hie wer njonken him west. Op 't lêst hied er net mear kind. 't Gong om 't hurdste. Hy koe 't net lyk hâlde tsjin dy oare. "Ik jow 't oer", sei er.
Doe hie dy oare lake en sein: "Ryd nou mar noait wer om 't hurdste tsjin my, hwant ik bin de duvel, dêr kinne jo net tsjin op."

Onderwerp
VDK 1970* - Afgesneden hoofd vriest weer vast aan de romp   
Beschrijving
Een man won het altijd van iedereen met schaatsen, maar op een keer reed er iemand naast hem die net zo hard ging. Het werd een wedstrijd. Maar de man schaatste in een wak, en door zijn vaart werd zijn hoofd door de scherpe rand afgesneden. Maar zijn hoofd gleed door, net zo hard als het lichaam onder het ijs doorging. Bij een volgend wak kwam het hoofd weer op het lichaam terecht. Toen zei de ander dat hij de duivel was, en dat de ander nooit tegen hem op zou kunnen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 704, verhaal 12
Commentaar
15 juli 1969
Afgesneden hoofd vriest weer vast aan de romp
Naam Locatie in Tekst
Fryslân   
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21