Hoofdtekst
Pake wie deagraver yn Peasens. 't Wie doe in hiele krappe tiid. Hy helle by nacht wolris in hôfdou út 'e Tsjerketoer, dan hienen se wer hwat yn 'e panne.
Guon wisten dat. "Sille wy dy âld keardel ris bang meitsje?" seinen se tsjin elkoar.
Pake moast troch de lytse doar fan 'e tsjerke om yn 'e toer komme to kinnen.
Doe't hy dêr wer ris hinne soe yn 'e nacht gongen dêr twa by dy lytse doar stean mei wite klean oan. De iene stie boppe op 'e oare syn skouders. Doe't pake se passeare soe seach er dy beiden dêr stean.
Hy sei: "'k Ha 't wolris raer sjoen, mar sa raer noch noait. 'k Ha wolris sjoen dat der twa opelkoar stienen, mar trije noch noait."
Doe tocht dy ûnderste him sa bang, dat dy naeide út.
De oare foel op 't tsjerkhôf. Sy tochten dat dy trêdde, dat dat de duvel wie.

Onderwerp
VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   
Beschrijving
In een krappe tijd haalde een doodgraver wel eens een duif uit de kerktoren, om op te eten. Een paar mannen wilden hem toen wel eens laten schrikken. Ze wachtten hem op bij de deur van de kerktoren. Ze gingen op elkaar staan, en droegen een wit laken om zich heen. Toen de doodgraver ze zag, zei hij dat hij er wel eens twee op elkaar had gezien, maar nog nooit drie. De grappenmakers werden hiervan zo bang, dat ze hard wegrenden. Ze dachten dat de derde de duivel was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 706, verhaal 3
Commentaar
14 juli 1969
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop
Naam Locatie in Tekst
Peasens   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21