Hoofdtekst
As ik yn Westergeast by myn dochter útfanhûzje, en de klok fan 'e toer let, dan gebeurt it faek dat ik siz: Hark, nou wurdt der fan 'e wike ien op 't hôf brocht. It mist my noait. Ik hear it oan 'e klank fan 'e klok. Hjir yn 'e Koaten hear ik it trouwens krekt like goed. It sit him net yn 'e klok, hwant in oar heart it net. It sit him yn my sels. Ik haw it net fan fremd. Pake - ús mem har heit - hie 't ek. Ik wit sa skoan dat pake soms sei: "Hark" - hwannear't de klok lette. Dan wisten wy wol dat der wer ien op 't hôf komme soe.
Net ien fan myn bern dy't soks hat. Mar ìk haw in bernsbern, dêr bin 'k wol hast wis fan, dat dy 't ek heart.
Ik hie 't al doe't ik sa'n famke wie. Jo wurde der mei geboaren.
Net ien fan myn bern dy't soks hat. Mar ìk haw in bernsbern, dêr bin 'k wol hast wis fan, dat dy 't ek heart.
Ik hie 't al doe't ik sa'n famke wie. Jo wurde der mei geboaren.
Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw kon altijd aan het tikken van de klok horen dat er die week iemand zou sterven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 708, verhaal 2
Commentaar
25 juli 1969
Andere Todesvorzeichen.
Naam Overig in Tekst
Westergeast   
Koaten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
