Hoofdtekst
As der ien stoarn wie froeger, moesten fuortdaliks al syn klean forhong wurde. Oars wienen se letter neat mear wurdich. Sy setten trouwens alles fan 't sté. De klok stie stil.
De fûgelkouwe woarde forhong, oars gongen de fûgels dea. It lyk woarde altyd o.w. dellein. It woarde fortild mei de skonken foarop. It komt ek o.w. op it tsjerkhôf.
It doarp wie fordield yn buertskippen.
De alderneisten moesten ôflizze, ôfskriuwe litten en omsizze. Meast acht dragers. Dy't gjin plicht dwaen koe, moest foar in forfanger soargje. Oars krige er boete.
De kloklieders gongen foarút.
Nei de bigraffenis kommen de dragers net wer yn 't sterfhûs.
Sy kommen dan yn 't hûs oan diz' kant it sterfhûs byinoar. Der wie forskil yn lieden of der in man of in frou stoarn wie.
Wie der in reed, dêr't safolle kearen in lyk lâns kom wie, dan mocht sa'n reed dêr net wer wei.
Wie der in boer stoarn, dan mochten de dragers op kosten fan 'e famylje twa slokjes keapje. Dat haw ik noch wol in pear kear meimakke.
Nei it biklaeijen krigen de biklaeijers in slokje.
Nei de bigraffenis kom hjir froeger altyd de buorrel op 'e tafel.
De minsken roannen trije kear om 't tsjerkhôf hinne. Sy moasten trije kear it graef foarby.

Beschrijving
Vroeger, als er iemand stierf, moesten meteen zijn kleren verhangen worden. Anders waren ze niets meer waard. Ook de vogelkooien werden verhangen, anders gingen de vogels dood. Het lijk werd altijd oost-west neergelegd, ook op het kerkhof, met de benen vooruit. De buurtbewoners moest de dode afleggen, de uitschrijven en het bericht rondzeggen. Iemand die zijn plicht niet kon doen, moest voor een vervanger zorgen of een boete betalen.
Als er over een weg een bepaald aantal doden waren vervoerd, mocht die weg niet meer verdwijnen. Na de begrafenis kregen de mensen een borrel.

Bron
Corpus Jaarsma, verslag 710, verhaal 9
Commentaar
4 juli 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21