Hoofdtekst
Frijmitselers, dat binne minsken, dy kinne in oar fêstsette.
Ik hie in kammeraet, dy koe 't ek. Dy hat us in plysje fêst set. Dy koe net in stap mear gean. Ik wie der by. 't Wie op 'e Nije Wei. Doe't it lang genôch duorre hie, sei er in pear wurden, doe koe dy plysje wer rinne.
Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea. Sy krije jild fan 'e duvel, dat sy sitte noait sûnder sinten. Sy timmerje altyd oan har eigen hûs om. Dat rekket noait ôfmakke. Dy't der ien kear by is kin der net wer by wei.
Doe't myn kammeraet dy plysje stean litten hie, sei er tsjin my: "Woest dat ek wol kinne, Marten?"
"Jawol", sei 'k.
"Ik kin 't dy wol leare", sei er. "Wy steane hjir op in krúswei, dan mast hjir ús leaven Hear forswarre."
Ik sei: "Dat dog ik net."
Doe sei er: "Kinst èk dyn eigen namme sette mei dyn bloed." Mar dat woe 'k èk net.
Dy kunsten wienen fan 'e duvel, en fan 'e duvel hie 'k gjin forlet.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Vrijmetselaars konden mensen stil laten staan. Van de vrijmetselaars moet er om de zeven jaar iemand dood. Zij hebben nooit gebrek aan geld, omdat ze dit van de duivel krijgen. Ze blijven altijd aan hun huis werken, dat raakt nooit af. Als ze eenmaal bij de vrijmetselarij zijn, kunnen ze er niet meer bij weg. Vrijmetselaars hebben zich verkocht aan de duivel.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 715, verhaal 5
Commentaar
6 juni 1969
Vrijmetselaars
Naam Overig in Tekst
Marten   
Naam Locatie in Tekst
Nije Wei   
Nieuweweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21