Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ071705

Een sage (mondeling), donderdag 24 juli 1969

Hoofdtekst

Alde Hindriks Janke fan 'e Harkema koe altyd krekt fortelle hwannear't der ien op 'e buert stoar. Sy plichte it wol gauris tsjin ús mem to sizzen, dan wist dy it ek.
Us mem hie fiif kear in bern forlern en dêr hie se it tige mei to dwaen hawn.
Doe sei Janke op in kear tsjin mem: "Der komt wer in sterfgefal op 'e buert."
"Och heden," sei mem, "as 't wer by ús is, dan hoop ik, dat ik it bin."
"Né," sei Janke, "dû bist it net en ek net ien fan dyn bern, hwant it is ien, dy't yn 'e kream stjert."
Ridlik gau dêrnei stoar Knjillis Antsje, dy't in poppe krige. Sy leinen har in wite doek oer de kiste. Dat hie Janke fan tofoaren sjoen, dêrtroch wist se dat it in kreamfrou wie.


Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Een vrouw zag vaak vantevoren dat er iemand zou sterven. Op een keer zag ze een kist met een witte doek eroverheen. Toen wist ze dat er binnenkort een vrouw in de kraam zou sterven. Dat kwam uit.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 717, verhaal 5

Commentaar

24 juli 1969
Der Sarg gesehen

Naam Overig in Tekst

Hindriks Janke    Hindriks Janke   

Knjillis Antsje    Knjillis Antsje   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21