Hoofdtekst
Soms gong de tsjernmoune nachts. Dy moesten se earst altyd út it wurk sette.
De wine gong nachts ek wol om deselde reden.
De brake gong nachts ek, as se him net fêstsetten mei in boskje flaechs der om hinne.
Der woarde nachts ek tursken as se de flaeijen samar op 't sied yn 'e skuorre lizze lieten. De flaeijen moesten ophong wurde. De bile moest foaral net yn 't blok stean bliuwe, hwant dan woarde der de hiele nacht troch kapt.
De spinwiele moest ek út it wurk wei, oars spinde it de hiele nacht troch.
Foar sokke dingen warskôgen heit en mem altyd. Dan wienen nachts de nachtgeasten warber.

Onderwerp
SINSAG 0061 - Werkgeister   
Beschrijving
Gereedschap moest 's avonds altijd opgeruimd worden, anders gingen de werkgeesten en 's nachts mee aan de slag. Dan werd er gedorst, of gehakt, of gebraakt, of gekarnd, enz.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 721, verhaal 10
Commentaar
31 juli 1969
Werkgeister
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21