Hoofdtekst
Der wienen trije sjouwersmannen, dy sjouden sekken mei moal út in skip wei. Doe't dat karwei dien wie gongen se alle trije moai oan 'e kant fan 'e Rijn lizzen. Doe kom dêr in mynhear foarby stappen. Dy frege: "Hwa fan jimme trijen is de luiste? Dy krijt fan my in mark."
De earste stapte oerein en sei: "Ik bin de luiste."
De twadde gong sitten en sei: "Ik bin de luiste."
De trêdde bleau lizzen en sei: "Ik bin de luiste. Stopje my de mark mar yn 't bûske fan 't boezeroen."
Doe sei dy mynhear: "Dû bist de luiste", en hy stoppe him de mark yn 't bûske.
De trêdde bitanke en kom nou oerein om de hannen to waskjen yn 'e Rijn, hwant hy woe in gleske bier drinke foar de mark, Mar doe't er him foaroer bûgde, wipte de mark út it bûske, yn de Rijn.
Hy sei: "Wel fordory, forsûpe woe 'k dy, mar net op dizze manier."
(dit hat in âld man yn Dtsl. my forteld)

Beschrijving
Drie mannen lagen eens langs de waterkant te luieren. Een mijnheer kwam langs en vroeg wie de luiste was van hen. Die zou dan een mark krijgen. De een ging staan en zei dat hij dat was, de ander ging zitten en zei dat hij dat was. Maar de derde bleef gewoon liggen en zei dat de man de mark maar in zijn zak moest stoppen. Dat deed de mijnheer toen. De man wilde toen een biertje gaan drinken, maar bij het opstaan viel zijn mark in het water. Hij zei: "Wel verdorie, ik wilde je verdrinken, maar niet op deze manier."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 722, verhaal 6
Commentaar
2 augustus 1969
Naam Locatie in Tekst
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21