Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072703

Een sage (mondeling), vrijdag 08 augustus 1969

Hoofdtekst

Der wie ien út Twizel, dy hie forkearing mei in dochter fan Stammerige Harm fan Twizelerheide. Op in nacht kom er by syn faem wei. Hy roan oer 't Wyldpaed, dat wie doe allegear noch sânwei. Sa kom er op 'e Nije Wei. Doe roan der ynienen in frommes njonken him lâns, oan 'e oare kant fan 'e wei.
"Ik sjen en sjen," fortelde er, "en ik tocht, heden, dy hat gjin fuotten. Ik sei tsjin har 'Goeije morgen', mar hja sei neat werom. En ynienen wie se fordwenen, krekt as wie se weifage. Sy sweefde fuort.
Dêr mat froeger by in dykje in frou formoarde woarn wêze, en dy matte se yn dat dykje bidobbe ha."
(Hjir binne forskeidene formoarde oan 'e âlde wegen. Sy makken dan in krús yn 'e groun of sy setten in krús yn 'e beamstam of sy makken in krús yn in stien op it plak dêr't sa'n ien formoarde woarde)


Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een jongen kwam eens terug van zijn meisje. Opeens zweefde er een vrouw zonder voeten langs hem heen. Ze antwoordde niets op zijn groet. Hij dacht dat het de geest van een vrouw was, die vermoord was op die plek.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 727, verhaal 3

Commentaar

8 augustus 1969
Andere Tote spuken.

Naam Overig in Tekst

Stammerige Harm    Stammerige Harm   

Stotterende Harm    Stotterende Harm   

Naam Locatie in Tekst

Twizel    Twizel   

Twijzel    Twijzel   

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Wyldpaed    Wyldpaed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21