Hoofdtekst
Doe't wy froeger nei skoalle gongen yn Jobbegea, hienen wy altyd in pear ûren skoft. Dan gongen wy wol gauris nei de Gordykster feart ta to boartsjen. Dêr wienen stappen fan hout, dy't nei de feart ta gongen. Yn 'e wâl wienen allegear ynhammen, gatten. Wy sprongen dan fan 't stap ôf oer sa'n gat hinne. Op in kear mislearre 't my en ik rekke yn 'e feart. Mei de wiete krous kom ik yn skoalle. Doe krige ik fan master in pear droege sokken, dy't my fiersto great wienen. - Dat hiele tafriel hie myn broer de nachts fan tofoaren èk sjoen. Hy seach my yn 'e greate sokken omstappen.
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een jongen zag op een nacht een tafereel van zijn broer in veel te grote sokken. De volgende dag viel zijn broer in het kanaal, en kreeg hij een paar droge sokken van de meester op school.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 732, verhaal 2
Commentaar
20 juli 1969
Das zweite Gesicht
Naam Locatie in Tekst
Jobbegea   
Gordyksterfeart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
