Hoofdtekst
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat.
Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn swager: "Ik mat mar ris nei de Knipe ta, nei de duvelbander." Dat hat er dien en doe sei de duvelbander: "It bern sit ûnder forkearde hannen. It mat hurd ophâlde. It is hast oan 'e dea ta."
Doe joech er myn swager guod mei en dat hat dat famke ynnom. Doe woarde se fan stounen oan better.
Letter kom de gewoane húsdokter wer. Dy sei: "Dat kind gaat vooruit. Het wordt veel beter."
Myn swager hat mar net forteld dat se dat oan 'e duvelbander to tankjen hienen.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een kind was ziek, sinds het bezoek van een vrouw. De dokter zei dat het aan haar ingewanden lag, maar kon niets doen om haar beter te maken. Toen is de vader maar naar de duivelbanner gegaan. Hij heeft een drankje meegekregen, en sindsdien is het beter gegaan met het kind.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 732, verhaal 14
Commentaar
20 juli 1969
Volksgeneeskunde
Naam Locatie in Tekst
Gordyk   
de Knipe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21