Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073310

Een sage (mondeling), woensdag 06 augustus 1969

Hoofdtekst

Ik wie us op in kear to ierpeldollen yn Stedum, mei skoanheit en noch forskillende oaren út 'e Harkema. Wy leinen nachts yn 't strie yn 'e skuorre. Wy leinen op in rige. Omke earst, dan skoanheit, en dan Germ, myn swager, dan Likele, dan ik, en Repke en dan noch trije froulju: Ief, myn skoansuster, Hinke en Sjouk.
It gebeurde op in nacht dat de trije froulju oereinriizden. "Hjir giet in karke", seinen se.
Skoanheit sei tsjin 'e froulju: "Jim jowe jim del."
Mar sy doarsten net wer lizzen to gean.
Ik sei: "Jimme matte sjen hwat der is."
Mar net ien fan 'e trije dy't út it strie doarst to kommen.
Ik sei: "Jimme matte sjen hwat der is."
Ik sei: "Dan sil ik sjen hwat der is." Doe haw ik de hiele skuorre troch socht. Mar ik ha neat sjoen of foun.
Ik sei tsjin 'e froulju: "Gean jim mar binnen lizzen, dan gean ik oan 'e bûtenkant lizzen. Dan kinne se my it earst pakke."
Doe binne se wer lizzen gong.
De oare moarns sei myn âldomke: "Dû bist net bang."
Ik sei: "Dy't in goed geweten hat, doart der wol út."


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

De arbeiders van een boer sliepen in de schuur. Op een nacht hoorden een paar vrouwen iets, maar er was niets te zien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 733, verhaal 10

Commentaar

6 augustus 1969
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Germ    Germ   

Likele    Likele   

Repke    Repke   

Ief    Ief   

Sjouk    Sjouk   

Naam Locatie in Tekst

Stedum    Stedum   

Harkema    Harkema   

Hinke    Hinke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21