Hoofdtekst
Twa doomnys en in joadske rabbi dy wienen by elkoar to praten. Doe sei de joadske rabbi: "As jimme kollekte hâlde, hwat hâlde jimme dêr sèls fan?"
Doe sei de iene doomny: "Dat sil 'k wol earlik sizze. Ik stek der sels tsien persint fan yn 'e bûs."
Doe sei de oare doomny: "Ik sil ek earlik sizze hoe't ik dat ha: ik hâld der sels twintich presint fan."
Doe seinen dy beide doomnys tsjin 'e rabbi: "Mar hwat hâlde jo der foar jo sels fan oer?"
De rabbi sei: "Dat kin ik jim noait fortelle. Hwant ik krij de sinten en dy smyt ik allegear omheech. Hwat se dêr boppe fan hâlde dat matte se dêr mar wite, dat kin my neat skele, mar hwat der op 'e flier falt, dat is minen. En dat is gjin diefstal en gjin oplichterij."

Onderwerp
VDK 1855D* - De rabbi en de collecte   
Beschrijving
Twee dominees en een joodse rabbi waren eens bij elkaar. Ze hadden het over het collectegeld. De dominees hielden elk tien en twintig procent van het gecollecteerde geld zelf. De rabbi gooide altijd al het geld in de lucht. Wat ze daar boven ervan wilden houden, moesten ze dan maar pakken. Alles wat vervolgens op de grond viel, hield de rabbi zelf. Dat vond hij geen diefstal en geen oplichterij.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 736, verhaal 2
Commentaar
22 juli 1969
De rabbi en de collecte
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21