Hoofdtekst
Ik wie noch in lyts jonkje, doe kom der ien skean de lânnen oer op ús hûs ta. Doe't er oan ús ta wie, sei er tsjin heit:
"Né, 't is doch goed."
"Hwat is der dan?" frege heit.
Hy sei: "Ik seach jimme hûs yn 'e brân. It brânde alhiel op. Mar nou't ik tichterby kom, wie 't sa net."
"Dû hast dy forsjoen", sei heit.
"Né," sei er, "ik ha 't dúdlik brânnen sjoen. Dat it sil noch wolris opbrânne."
"'t Sil wol hwat tafalle", sei heit.
Mar sahwat seis jier letter brânde 't op. Hy hie 't wòl goed sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   
Beschrijving
Een man zag eens een huis in brand staan. Maar toen hij dichterbij kwam, was er niets aan de hand. Later is het huis toch nog afgebrand.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 739, verhaal 3
Commentaar
29 augustus 1969
Vorzeichen eines Brandes
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21