Hoofdtekst
Gerke Veenstra wie in forwoest man. Syn earste frou wie dea. Doe troude er wer. Willemke hiet syn twadde wiif.
As er jouns by syn wiif op bêd lei, hearde er hiel dúdlik klopjen op it bêdsbuordtsje. Syn wiif hearde it net, hy allinne. It wie syn earste frou, dy't kloppe. Hy hie har net sa moai bihandele.
It klopjen bigong altyd krekt om deselde tiid.
Doe sei syn wiif: "As wy nou nije wike ris to jounpraten geane, en wy komme let thús, dan is de tiid fan it klopjen foarby, as wy op bêd lizze."
Doe dienen se dat, mar it klopjen bigoun like goed wer, ek al wie 't letter. It hat noch forskeidene nachten oanhâlden. Op 't lêst hâldde it op.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Een man had zijn eerste vrouw nogal slecht behandeld. Na haar dood trouwde hij opnieuw. Elke avond als hij in bed lag, hoorde hij kloppen op het bed. Dat deed zijn overleden vrouw. Op het laatst is het opgehouden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 739, verhaal 10
Commentaar
29 augustus 1969
Andere Tote spuken.
Naam Overig in Tekst
Gerke Veenstra   
Willemke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21