Hoofdtekst
Alde frou Reitsma (Wybenga) fan 'e Koaten is de skoanmem fan myn suster Roas. Roas hat it wol gauris oer har. Sy kin kaertlizze en sy kin yn 't kofjedik sjen. Dêr kin se de takomst út gewaer wurde. En 't komt altyd út. Ik bin eins mar in bytsje bang foar har. Op in kear sei se: "Ik krij hjoed in roun ding mei in stâlle." Dyselde jouns brocht har dochter har in koekpanne mei.
Tsjin har soan sei se: "Forkeapje noait in koe op 'e trettsjinde fan 'e maend."
Hja bigjint ek noait op 'e 13e mei in nije sok to breidzjen. Hwant dan komt der in ûngelok.
Har dochter yn Westergeest wie al wit hoe lang troud en hie noch gjin bern. Hja sei: "Dû hoechst dy net ûngerust to meitsjen, fanke, hwant dû krijst in poppe, hear. Ik ha 't sjoen." Letter krige se in famke.
Us mem wie op in kear by myn suster Roas to praten.
Doe't se fuort wie, kom frou Reitsma dêr. Tafallich krige se it kopke yn hannen, dêr't ús mem út dronken hie. Dêr sieten noch in pear théblêdden yn. Hja seach der yn en doe sei se: "Dy't dêr út dronken hat, dy stiet noch wol hwat to wachtsjen." Us mem krige datselde jiers kanker oan 'e slokdarm, dêr't se oan stoarn is.
Op in kear sei se: "Hark ris, sa nuver let de klok. Der sil him hjir tichteby yn 't koart ien ophingje." It duorre mar even doe fortelden se dat der hie to Jistrum in frommeske har ophong. De klok hie klipt, sei se.
Ek us in kear doe sei se: "Nou sil der hjir flakby in raer ûngelok gebeure. Dêr rekket ien dea."
Fuort dêrnei wie dêr in forkearsûngelok foar it hûs fan har buorlju, dêr't ien by dea rekke.
Us Roas en dy har dochter krigen in famke. Alde frou Reitsma sei fan tofoaren, der soe hwat oan dat famke mankeare.
Doe't it bern geboaren woarde, hie 't in hazzemûle.

Beschrijving
Een vrouw deed vaak voorspellingen. Ook kon ze koffiedik kijken. Het kwam altijd uit.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 742, verhaal 1
Commentaar
1 september 1969
Naam Overig in Tekst
Reitsma   
Wybenga   
Koaten   
Naam Locatie in Tekst
Roas   
Westergeest   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21