Hoofdtekst
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?"
"Wiswol", hie pake sein.
"Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't linker skouder hinne smite. En, dû mast my bilove datst dy buorrel oannimste. Dochst dat net, dan giet it forkeard."
Doe hie pake op 'e doar kloppe. De doar wie iepengien en doe wie der in greate hynstepoat to sjen west mei in romerfol drank. Pake hie deabinaud woarn, hwant hy hie wol yn 'e gaten, dat dy drank fan 'e duvel kom. Fan dy hynstepoat wied er kjel woarn. Mar hy hie syn wurd jown, hy moest it dwaen. Hiel fluch hied er de drank oankrige en oer 't linker skouder goaid. Mar hy doarst net wèr to klopjen, dat hy hie sels gjin drank hawn.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
In de gevangenis was iemand die kon toveren. Hij zei tegen een ander dat die een borrel zou krijgen als hij op de deur zou kloppen. Dan moest hij wel de borrel aannemen, en de eerste moest hij over zijn linkerschouder gooien. Dat deed de ander, maar hij zag aan de paardenpoot dat de borrel werd aangegeven door de duivel. Toen heeft hij het niet meer gedaan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 746, verhaal 1
Commentaar
5 september 1969
Andere Zauberei.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21