Hoofdtekst
By myn wiif en dy wie sa'n handich jonkje yn 'e hûs, dy wie noait rjocht goed. 't Bern wie in jier of trije, matte jo tinke. Wy sille der moarn hinne to praten. Har âldste suster tjirme ek.
Der kom altyd in âld man by harren, dy hiet fan Pôpe. Dy wie forwoechsen. Hy nom dy beide bern altyd hwat mei. Dat ieten se dan op.
Mar sy wienen altyd ûnder dokters hannen. It fanke hat wol fyftsjin jier siik west.
Der woarde noait om tocht dat âlde Pôpe in tsjoenster wie. Myn skoanfolk koe bêst mei him oer de wei. Hy hie in boom. Hy wie keppelbaes.
Op in kear doe moest der by skoanfolk in fearren bêd forstoppe wurde. Doe foun myn wiif dêr trije krânsen yn. In bûnte, in swarte en in reade krâns. Dy kleur hienen de fearkes. Dy fearkes leinen allegear moai ien kant oer. Yn 'e hoeke fan 't bêd siet noch in heale krâns. Dêr wienen se mei oan 't flechtsjen. Myn wiif hat 't bêd sels forstoppe en foun dy krânsen sels. Der binne wol hûndert minsken dy't se sjoen ha.
Doe woarde Pôpe net goed, hy stoar. Doe't de âld man dea wie, woarden de beide bern fan stounen oan better. Pôpe gong altyd al foar in tsjoenster troch, mar skoanâlden woenen der neat fan witte. It eigenaerdige wie dat er altyd hwat foar dy twa bern hie, nei de oaren seach er net om.

Onderwerp
SINSAG 0677 - Zauberer verzaubert Kind (Mann).   
Beschrijving
Twee kinderen in een gezin waren al jarenlang ziek. Een kennis kwam vaak bij hen en nam dan iets mee voor de kinderen. De man ging door voor een tovenaar, maar daar geloofden de ouders niets van. Op een keer vonden ze in de bedden van de kinderen allemaal heksenkransen, gevlochten van gekleurde veertjes. Toen werd de kennis ziek en hij stierf. Sinds die tijd werden de twee kinderen weer beter.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 747, verhaal 19
Commentaar
13 juli 1969
Zauberer verzaubert Kind (Mann).
Naam Locatie in Tekst
Pôpe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21