Hoofdtekst
Us heit wie noch frijgesel. Hy wenne yn Feanwâldsterwâl en syn faem wenne yn Burgumerheide.
Elke kear as er fan 'e faem werom kom, kom der in pleachbeest njonken him. Dat beest wie sa great, dat rikke him oan 'e skouders ta. En 't wie pûrswart. Mar heit wie der net bang foar. En 't die heit èk neat.
It kom by him op 'e draei tusken Burgumerheide en Kûkherne. En it brocht him oan 'e hoofddyk ta, dêr't twa linebeammen stienen. Dy linebeammen wienen fan ûnderen wyt opferve en de houn wie sa great, dy rikke oan de rânne fan it wite ta.
Dêr by de twa linebeammen gong er by heit wei.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een zwart plaagbeest vergezelt een man tot aan twee lindebomen die onderaan wit waren geverfd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 753, verhaal 11
Commentaar
1 oktober 1969
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Burgumerheide   
Kûkherne   
Veenwoudsterwal   
Bergumerheide   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21