Hoofdtekst
Der wienen twa manlju, dy hienen it togearre oer de bitrousumens fan de frou. De iene biwearde, in frou wie ûnbitrouber. De oare sei, dat leaude hy samar net. Hy fortroude tominsten syn eigen wiif wòl. It wie in boskwachter, dy't dat sei.
"Dan matte jo dat ris ûndersykje", sei de oare.
"Goed", sei de boskwachter.
Dy moarns gong er mei 't gewear de bosk yn om op stropers to passen. It gebeurde wolris, as it sa topas kom, dat er op harren sjitte moest.
Dy moarns kom er út 'e bosk wei thús om kofje. Hy wie hwat reafallich en hy wie hwat oerstjûr.
Dat fornom syn frou. Hja sei: "Der koe wol hwat mei dy wêze. Hast swierrichheden?"
"Ja," seit er, "it is net bêst."
"Hwàt is net bêst?"
"Dat kin 'k dy net fortelle", sei er. "Hwant as ik dy dat fortel en dû praetst der fierder fan, dan wurd ik levenslang opsluten."
Doe sei hja: "Ik bin dyn frou, dû hast altyd op my oan kind. Dû matst gjin geheimen ha foar my. As 't slim is, dan sille wy it leed togearre drage."
Doe sei de boswachter: "Ast my dat plechtich biloofste, sil 'k it sizze."
Hy sei: ''k Wie niis yn 'e bosk en dêr ha 'k in dûbelde moart bidreaun."
Doe wie dat wyfke slim fan 'e wize. "O," sei se, "hwat is dat forskriklik!"
"Ja," sei er, "dat is it ek, mar dû matst my bilove: mondje dicht."
It minske hie 't der tige mei to dwaen.
Doe't de man fuort wie koe se 't nergens fine. Hja roan mar hinne en wer en wie slim ûngeduerich.
Har buorfrou fornom dat. Dy sei: "Hwat binne jo ûnrêstich."
"Ja," sei se, "'t is slim, 't is slim."
"Hwat is slim?" sei de buorfrou.
"Och," sei se. "dat kin ik jo net fortelle, hwant myn man syn leven stiet der by op it spel."
Doe sei dy buorfrou: "Wy ha altyd sokke goede buorlju west, jo kinne my alles fortelle."
"Nou," sei se, "ik fortrou jo ek wol." Hja sei: "Myn man, hè, dy hat fan 'e moarn in dûbelde moart dien."
"O," sei buorfrou, "dat is slim, hwat is dat slim."
"Nou mondje dicht, hear", sei de frou fan 'e boskwachter.
Mar doe kom dy buorfrou yn gesprek mei de frou dy't oan 'e oare kant fan har wenne. "Hwat is 't slim," sei se, "mei ús buorlju hjir neist."
"Hoe dàt sa?" frege it minske.
"Dat kin 'k jo eins net sizze. Mar as jo my bilove, dat jo nergens oer prate, sil 'k it jo fortelle. Buorman hat in dûbelde moart dien."
En dat gong sa troch fan links nei rjochts. De iene buorfrou sei it tsjin 'e oare en sy biloofden allegear dat se der net fierder oer prate soenen. Op 't lêst wist de bolkoerrinster it ek al en dy brocht it nijs fan hûs nei hûs.
't Wie noch gjin tolve ûre, doe wienen der al twa plysjes by de boskwachter. Doe wie 't yn 't hiele doarp al bikend.
De plysjes namen de boskwachter geweken. Sy sloegen him de boeijens om en hy moest har it plak oanwize, dêr't er de beide liken bigroeven hie. Der kom in lep mei.
Doe't se op it plak oankommen, sei de boskwachter: "Nou woe 'k se sels graech opgrave."
Mar hy groef mar sa'n lyts bytsje út 'e groun wei, doe hied er de beide liken al tofoarskyn helle. En doe wienen dat.... twa mollen!
Hy sei: "Dat is de dûbelde moart, dy't ik bidreaun ha."
De plysjes lieten him frij en de boskwachter kom wer thús.
Syn kammeraet stie him op to wachtsjen.
De boskwachter sei: "Ik haw in leske fan dy leard. Ik wyt nou dat der net in frou to fortrouwen is. It binne allegearre Eva's."

Onderwerp
AT 1381C - The Buried Sheep's Head   
ATU 1381C - The Buried Sheep’s Head.   
Beschrijving
Twee mannen hebben over de betrouwbaarheid van een vrouw. De boswachter vertrouwt zijn eigen vrouw en de ander raadt hem aan dit te testen. Op een keer komt hij overstuur uit het bos terug. Zijn vrouw belooft niets verder te vertellen. Hij heeft een dubbele moord gepleegd. Zijn vrouw is geschokt en blijft onrustig. Haar buurvrouw haalt haar over het te vertellen over de moorden. Op deze manier wordt het doorverteld en komt iedereen het te weten. Die middag al wil de politie hem oppakken. Op de plek van de moord graaft hij twee dode mollen uit. Ze laten hem vrij en hij zegt tegen zijn vriend dat elke vrouw inderdaad onbetrouwbaar is. Het zijn allemaal Eva's.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 755, verhaal 5
Commentaar
30 augustus 1969
The Buried Sheep's Head
Naam Overig in Tekst
Eva   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21