Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075802

Een mop (mondeling), zaterdag 06 september 1969

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy sei: "God is de machtichste ter wereld. Al hoe technysk de minsken ek oanlein binne, sy kinne net dwaen hwat God dwaen kin."
Der wenne yn dat lân in koaning. dy wie frijhwat eigenwiis.
Hy sei tsjin 'e doomny: "Ik doar mei jo wol in weddenskip oan to gean dat ik itselde meitsje kin as God."
Doe gong er nei syn beroemdste techniker ta en sei: "Dy doomny kin mar opkomme. Hwàt er ek meinimt, dû makkest krekt itselde."
Hy en de techniker tochten, de doomny soe wol mei hwat hiel bysûnders tofoarskyn komme, mar och heden, dêr kom er oan mei in graenkerl.
De koaning bigong lûd to laitsjen en sei: "Dat is my neat om dat nei to meitsjen."
De doomny sei: "Ik jow jo de tiid, salang jo mar wolle."
Der wie in tiid oer forroun en doe kom de koaning by de doomny.
Hy hie twa graenkerlen by him, dy't krekten gelyk wienen.
Mar de koaning wist hokker fan de doomny wie en hokker fan him. Hy sei tsjin 'e doomny: "Kinne jo se út elkoar?"
"Né," sei de doomny, "ik kin se net útelkoar, mar dat sil de stomme deade groun útmeitsje, dy't net prate kin."
Doomny set syn eigen kerl yn 'e groun en de koaning syn kerl. Sy sette in kenteken by elke kerl.
Doe sei doomny tsjin 'e koaning: "Nou komme jo mei in fjirtsjin dagen mar wer."
De koaning kom wer en doe wie doomny syn kerl útspruten. Der wie al in grien sprútsje boven de groun. Mar de koaning syn siedkerl wie neat fan to sjen.
"Sjoch," sei de doomny, "myn kerl is levend en jowes is dea.
Hwant jowes is neimaek. In minske, al is er nòch sa machtich, kin it libben der net oan jaen. Dat kin God allinne."

Beschrijving

Een dominee beweert dat God de machtigste ter wereld is, hoeveel techniek de mens ook inzet. Een koning in dat land wedt met de dominee dat hij hetzelfde kan maken als God. De dominee komt aan met een graankorrel en een tijdje later komt de koning met een identieke graankorrel bij de dominee. Omdat ze niet te onderscheiden zijn, worden beide in de grond gezet. Na twee weken is uit de korrel van de dominee al een sprietje te zien, terwijl die van de koning niets doet. De dominee zegt dat de zijn korrel levend is en de ander is dood, want die is nagemaakt. Alleen God kan dus heersen over het leven.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 758, verhaal 2

Commentaar

6 september 1969

Naam Overig in Tekst

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21