Hoofdtekst
Der woarde ris ergens op in plak brulloft fierd. It gong der heislik oan wei. Der waerd flokt en sweard dat it in ôfgriis wie. Der wie ek in jong frommes by. Dy sei: "Dizze joun wol 'k mei de duvel dounsje."
It gong dy jouns al mar mâlder en raerder.
Doe kom der in kreas jongfeint oan en dy dânse hyltyd mei dat jonge frommes. Doe brocht er har nei hûs ta. Mar ûnderweis fornom se dat it de duvel wie, dy't har nei hûs ta brochte.
Doe is se yn ûnmacht fallen. In hiel skoft letter ha se har foun. Sy wie noch bûten westen. Har earms wienen bont en blau.
Dat hie de duvel dien.

Onderwerp
SINSAG 0902 - Teufel tanzt mit Mädchen (Mann), das tanzen will, wenn es auch mit dem Teufel wäre. Erkannt am Pferdefuss. (Bocksfuss).   
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Op een bruiloft wordt heel erg gevloekt en gezworen en een vrouw zegt dat ze vanavond wel met de duivel wil dansen. Een knecht komt eraan en danst de hele tijd met het meisje. Onderweg naar huis bemerkt ze dat het de duivel is en valt flauw en even later vinden ze haar met bont en blauwe armen. De duivel heeft haar te pakken gehad.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 759, verhaal 3
Commentaar
8 oktober 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21