Hoofdtekst
In omke fan myn frou kaem ris in kear troch de Gordyk, doe bigoun it to reinen. Hy tocht: "Ik skûlje even foar de bui en doe gong er in kafé yn.
Dêr sieten in stik of hwat mannen to kaertspyljen. Dêr wienen ek hynstekooplju by en ien fan dy lju flokte as in ketter.
Dat klonk de hiele taep oer. Myn omke waerd der suver oars fan.
Doe rekke der in kaert fuort. Dat wie rutenboer.
Sy sochten alles ôf om dy kaert, mar sy koenen him net fine.
Omke seach alles wol hwat der gebeurde. Hy siet yn in hoeke.
De man dy't sa freeslik flokte, sei: "As hat de duvel dy kaert ek yn syn klauwen, dan sil ik him der út krije."
Hy foun de kaert en krige him op. Mar mei-iens waerd er hiel bot omseame, dat hy lei to jammerjen oer de flier.

Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Iemand loopt op de Gordijk als het begint te regenen en gaat in een café schuilen, waar mannen zitten de kaarten. Een van hen vloekt als een ketter. Dan raakt er een ruitenboer kwijt en ze kunnen hem niet vinden. De spotter zegt dat als de duivel de kaart heeft hij hem wel terug zal krijgen. Nadat hij de kaart heeft gevonden wordt hij zo hard mishandelt dat hij op de vloer ligt te jammeren.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 759, verhaal 5
Commentaar
8 oktober 1969
Andere Begegnungen mit dem Teufel.
Naam Locatie in Tekst
Gorredijk   
Gordyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21