Hoofdtekst
Der wie in frommeske dat wie Joukje. Dat wie in tsjoenster. Dy hie rúzje mei in oar frommeske. Doe foroare se har yn in kat en doe toklaude se dat minske. Mar dat minske sloech dy kat tsjin 'e poaten. Doe briek der in poat fan dy kat.
De oare deis seach dat minske âlde Joukje net. Sy frege har buorfrou: "Hwer is Joukje?"
De buorfrou sei: "Dy leit op bêd, dy is fallen."
"Fallen?" sei 't minske.
"Ja," sei de buorfrou, "dat is nochal hwat oankaem. Sy hat in stikkene foet."
"Hwannear is dat dan gebeurd," sei 't minske, "juster skeelde har noch neat."
"Dat is fannacht gebeurd," sei 't buorwyfke, "doe is se fan 't bêd fallen."
Doe sei dat minske: "Sy is net fallen, né, ik ha dy âld tsjoenster fannacht dy poat kapot slein."

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Joukje is een heks en heeft ruzie met een andere vrouw, verandert zichzelf in een kat en bezoekt in die gedaante de vrouw. Ze krabt de vrouw, maar deze breekt de poot van het dier met een harde slag. De volgende dag verneemt de vrouw dat Joukje gevallen van het bed is gevallen en haar been heeft gebroken. Ze spreekt haar buurvrouw tegen en zegt dat ze zelf Joukjes been kapot heeft geslagen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 762, verhaal 6
Commentaar
15 oktober 1969
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Joukje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21