Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ076501

Een sage (mondeling), donderdag 02 oktober 1969

Hoofdtekst

It sil sa'n lytse tachtich jier lyn wêze, doe wie heit noch mar krekt troud. Doe moest er op in joun nei in winkeltsje ta yn 'e Smoarhoeke hjir, in smel paedtsje lâns.
Doe seach er ynienen in kiste foar him. Hy wie net bang en tocht: ik wol wite hwa't dêr yn leit.
Hy bûgde him foaroer om to sjen, doe wie dy kiste samar ynienen fuort. Heit roan fierder, nei de winkel. Doe't er werom kom, itselde plak lâns, wie dêr neat.
In fjirtsjin dagen letter moest de kiste op itselde plak stean dêr't heit him sjoen hie. Der wie ien stoarn; it paedtsje wie sa smel, dat der koe net in lykwein lâns. Doe sjouden se de kiste mei 't lyk der yn. Underweis rêstten se even; - sy wienen warch - en doe setten se de kiste even del, krekt op it plak, dêr't heit it sjoen hie.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Als vader op een avond op een smal paadje loopt op weg naar de winkel in Smoorhoek ziet hij opeen een kist voor hem, maar hij kan niet zien wie erin ligt en de kist verdwijnt snel. Op de terugweg is niets te zien. Twee weken later staat er op dezelfde plek een lijkkist van een dode. De lijkwagen kan niet over het smalle paadje heen en daarom dragen ze de lijkkist. Op de bewuste plek waar vader de kist eerder heeft gezien, wordt nu even uitgerust. Het is een voorteken geweest.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 765, verhaal 1

Commentaar

2 oktober 1969
Leichenzug gesehen.

Naam Locatie in Tekst

Smoorhoek    Smoorhoek   

Smoarhoeke    Smoarhoeke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21