Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077504

Een sprookje (mondeling), donderdag 16 oktober 1969

Hoofdtekst

Heit fortelde, der wienen in man en in frou, dy wennen yn in âld krot. Sy leefden altyd yn earmoede. Doe gong dy man der op in kear op út to fiskjen en doe fangde er in fisk. 't Wie in moaije fisk. Dy krige er oan 'e kant yn 't gjers.
Hy fiske wer opnij. Doe tocht er: "Hwa praet dêr?"
Doe sei dy fisk dêr yn 't gjers: "Ik wol der wer yn."
Doe woarde dy man kjel. Hy sei: "Hwerom wolstû der wer yn?"
"As dat net gebeurt, gean ik dea", sei de fisk.
"Wy matte dy opite", sei de man.
"Smyt my wer yn 't wetter", sei de fisk.
"Dan ha wy gjin iten", sei de man.
"As jo aenst thús komme, ha jo wol iten. Dêr soargje ik foar", sei de fisk. "Gean mar nei hûs ta."
De man tocht: "Miskien hat er gelyk." Hy smiet de fisk wer yn 't wetter.
Hy kom thús. Dêr wie 't allegear iten.
"Hwer hast dat wei?" sei er tsjin 't minske.
"Dat ha 'k krigen", sei se.
"Fan hwa?"
"Fan in hiel lyts mantsje," sei se, "in fremdling. Och, hwat ha wy nou lekker iten."
Doe fortelde hy fan it fiskje dat er fangd hie.
"Dan wie dat in toverfiskje", sei de frou. Sy sei: "Dû mast wer nei 't selde plak ta gean en dêr de angel wer útsmite. Miskien byt er wol wer. Ast him dan wèr fangst mast sizze, dat wy graech in nij hûs ha wolle."
De man gong wer nei dat plak ta en hy fangde de fisk wer. De fisk lei wer op 'e wâl. Hy bigong wer to praten. Hy woe wer yn 't wetter.
"Binne jo in toverfisk?" frege de man.
"Ja", sei de fisk.
"Wy wolle graech in nij hûs ha", sei de man.
"Gean mar hinne", sei de fisk. "It hûs stiet der al. Smyt my nou wer yn 't wetter."
Doe't de man thús kom stie de krot der net mear, mar syn frou siet prinshearlik yn in moai hûs.
Mar 't minske wie noch lang net tofreden. Hja woe in protte goud ha.
De man gong wer mei de angel nei 't wetter en hy fangde de fisk. Doe krigen se dan in protte goud.
En sa gong dat altyd mar troch. It wyfke rekke noait tofreden.
Mar op 't lêst krige de fisk syn nocht.
Op in kear doe hie de man him wer fangd. Doe't de man syn winsk utere, sei de fisk: "Jimme binne ek noait tofreden. Gean mar werom. De frou sit wer yn 'e âlde krot. En my sille jo noait wer fange."
En doe nom dy fisk in greate sprong en kom sa yn 't wetter tolânne. Hy swom fier fuort.
Doe't de man thús kom wie 't moaije hûs en alle guod fuort. De frou siet wer yn 'e âld krot.
En it fiskje hat dy man noait wer sjoen.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Een echtpaar leeft in armoede in een krot. De man vangt een vis als voedsel maar deze smeekt hem weer terug te gooien in het water. Thuis zal er eten staan. Hij vertelt zijn vrouw over de tovervis en dit keer wil ze een nieuw huis. Ze is nog steeds niet tevreden en ze vraagt steeds meer, waaronder een hoop goud. Op een gegeven moment heeft de vis hier genoeg van en zegt de man dat ze nooit tevreden zijn en dat hij hem nooit meer zal vangen. Ze hebben hun oude krot weer terug. De vis heeft hij nooit meer teruggezien.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 775, verhaal 4

Commentaar

16 oktober 1969
The Fisher and his Wife. II. The Wishes.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21