Hoofdtekst
Der wie in ikebeam omwaeid en dy lei dwars oer de reed. 't Wie oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't Hearke ek oan wenne. Dy beam moest dêr wei, hwant de lju koenen der sa net mei de wein lâns. Mei in man of fjouwer dienen se har bêst dy beam to fortillen, mar sy koenen him mei gjin mooglikheit fan 't sté krije.
Wylst se der drok mei omskrepten kom Hearke der oankuijerjen. Dy frege har: "Hwat ha jim hjir by de ein?"
"Dy beam is hjir hinne waeid", seinen se. "Dy mat dêr wei, hwant wy kinne sa net by ús lân komme."
Doe sei Hearke: "Gean mar ris in lyts bytsje achterút. Dan sil ik it ris bisykje. Hwer mat er lizze?"
Doe't se dat sein hienen, krige er de beam en lei him op it plak dêr't se him ha woenen.
Doe fage er syn hannen ôf en sei: "Dei, folk."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een eikeboom ligt dwars over de Kleineweg bij Drogeham. Met vier man lukt het niet de boom weg te krijgen en Sterke Hearke biedt de helpende hand. Hij tilt de boom op en legt hem op de aangewezen plek neer. Daarna loopt hij weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 776, verhaal 4
Commentaar
4 oktober 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Kleineweg   
Lytse Wei   
Droegeham   
Drogeham   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21