Hoofdtekst
Mem sei: "Hast nou al hinne west?"
"Né," sei er, "hwant de duvel sit dêr yn 'e hage." (Der wie in hage oan 'e Boskreed)
Mem sei: "Hwat biweecht dy jonge - de duvel yn 'e hage."
Myn oare broer sei: "Dan sil ik ris mei dy hinne en dan sille wy ris sjen hwer't de duvel is."
It wie sahwat op it plak, dêr't de widdou Mozes wenne.
Oan 'e oare kant fan 't paed wie in koart dykje. Doe't hja dêr oan ta wienen seagen sy it. De widdou Mozes hie 't skiep forgetten yn to heljen. Dat wie dêr noch en dàt wie de duvel.
Doe't se wer thús kommen sei mem: "Dan mat Taeke mar even mei nei de winkel (Taeke, dat wie dy jongere broer, dy't èk mei nei de 'duvel' west hie. Dy wie mei de helm geboaren).
Sy gongen togearre hinne en togearre gongen se werom.
Doe't se op 'e weromreis by 't swarte dykje wienen sei Taeke tsjin myn âldere broer: "Mast op it dykje gean, jong."
"Op it dykje?" sei de oare.
"Ja," sei Taeke, "ik gean ek op 't dykje." (Oerdei roannen se dêr wolris oer út aerdichheit, mar by nacht wie dat in hiel geknoffel)
"By nacht?" sei myn âldere broer.
"Ja", sei Taeke.
Hja rinne 't dykje del en komme thús.
Doe frege myn âldere broer: "Hwerom moest ik bislist op 't dykje lâns?"
Mem hearde dat. Dy sei: "Moestû op 't dykje lâns?"
"Ja", sei Taeke, hwant der is my in lykstaesje tomjitte kom.
't Wie ien fan in lyts bern. Der roan in fremde man achter njonken Jille van Houten. (Jille van Houten wenne yn 't hûs dêr't nou Sjoerde Rienkje wennet, yn 'e Bosk)
In wike letter forlear Jille van Houten, alhiel ûnforwacht, in bern. Dat mankearde doe noch neat, doe't Taeke dêr de lykstaesje fan seach.
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Hindrik Holthuis   
Boskreed   
Mozes (weduwe)   
Taeke   
Jille van Houten   
Sjoerde Rienkje   
Bosk   
Naam Locatie in Tekst
Bosweg   
zwarte dijk   
Bos   
