Hoofdtekst
Bindert Japiks Kloosterman wenne doe op 'e middelste plaets.
Op dy plaets lei Mike Ruerd op in kear to dekken. Ruerd wie in raer man. Mar dy deis sei er it ôfgryslike raer op. Hy sei der bistie neat, gjin leaven Hear en ek net in duvel. As der dan àl in duvel wie, mocht dy him tomjittekomme.
De jouns doe't it wurk dien wie, moest Ruerd allinne de Skolke-paden del. Dy wienen doe oan 'e Harkema-kant fan 'e plaetsen. Hy moest oer houtsjes hinne. It earste houtsje dat lei twa stikken lân fan 'e plaets ôf.
By dat houtsje wie de duvel. Dy wachte Ruerd op. Mar hy hat neat sjoen, sei er letter. Mar de duvel hat him krigen en dwars troch de beammen hinneslingere.
Dat kom sa bot oan, dat hy hat der in skoft siik fan west.
Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Ruerd van der Veen   
Mike Ruerd   
Klaesterplaetsen   
Kloosterplaatsen   
Bindert Japiks Kloosterman   
Skolkepad   
God   
Hear   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Skolkepaed   
