Hoofdtekst
Tichte by de Wopke-poel yn 'e Harkema stiet in dikke hage. Dy hage stie bikend as de Spoekhage. Op in kear kommen ik en myn broer Japik dêr op ljochtskyndei foarby.
Doe seach ik dêr by dy hage allegearre lytse wite wyfkes mei gouden earizers op. Der wienen wol sawn, dy sprongen dêr midden op 'e reed yn 't roun. Sy wienen alle sawn gelyk yn 'e klean.
Ik wie der stil fan. "Sjochstû se wol?" sei 'k tsjin Japik.
"Né", sei Japik.
Dêr ûnder dy hage lei wol ris in sekere Piter Meter, in swerver, to sliepen, dy hie 'k dêr wolris lizzen sjoen.
Ik en Japik kommen út skoalle, ik wie in bern. Ik woarde deabinaud foar dy wyfkes. Ik bin útnaeid, mar Japik, dy't neat seach, gong dêr lâns. Sy bleauen oan 't dânsjen wylst ik fuortgong. Ik trille as in blêd oan 'e beam.

Onderwerp
SINSAG 0303 - Tanz der Weissen Frauen   
Beschrijving
Dichtbij de Wopke-poel in Harkema staat de Spookhaag. Op een keer zie ik daar allemaal witte wijven met gouden oorijzers midden op de weg in de rondte springen en haast me. Japik ziet echter niets. Onder deze haag slaapt weleens een zwerver Piter Meter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 789, verhaal 11
Commentaar
6 november 1969
Tanz der Weissen Frauen
Naam Overig in Tekst
Wopke-poel   
Japik   
Spookhaag   
Spoekhage   
Piter Meter   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21