Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078913

Een sage (mondeling), donderdag 06 november 1969

Hoofdtekst

Alde Sikke Helder hat my ris forteld, sy wennen froeger yn 'e Smoarhoeke yn in hiel lyts húske. Snein-to-moarns bleau hy altyd lang op bêd lizzen. Yn dy tiid wie 't in raren. Hy forflokte alles.
Op in snein-to-moarn lei er sa ek ris in kear op bêd, wylst song er in sankje:
De koekoek is te lui
en de bouwman broedt zijn aeijen uit.
van dideldomdei, van dideldomdei.
Hy wenne doe noch by syn âlde mem yn. Dy gong snein-to-moarns faek nei de buorlju ta om in bakje kofje to drinken, wylst hy op bêd lizzen bleau.
Doe wie der ris in kear in levende ka by Sikke op it bêdsbuordtsje hippen kom.
"Hwat in moaije ka", sei Sikke.
"Dy ka wie mak en ik hie aerdichheit oan 't bist", sei Sikke. "Ik soe him oer de kop aeije."
Mar doe woarden dy ka en dy kop ynienen hiel great.
't Wie likernôch tsien ûre yn 'e moarn doe't Sikke dêr lei en de ka by him kom.
Dy ka woarde al greater en greater.
"Ik raesde sa bot," fortelde Sikke, "sa bang woarde ik."
't Is wier gebeurd, hy hat it faek forteld. Dan wie er nòch angstich, as er it fortelde.
De ka wie op 't lêst fuortflein.
Sikke is fan dit gefal oars woarn. Hy wist dat dit in warskôging fan 'e duvel wie.

Onderwerp

SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.    SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.   

Beschrijving

Sikke Helder woont in Smoorhoeke en blijft op zondagmorgen altijd lang op bed liggen. Het is een spotter. Zijn moeder gaat naar de buren om koffie te drinken. Op een keer komt er een kraai op het bed gesprongen, maar als hij het dier wil aaien wordt steeds groter. Ten slotte vliegt de kraai weg. Sikke weet dat dit een waarschuwing van de duivel is en verandert na dit voorval.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 789, verhaal 13

Commentaar

6 november 1969
Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann. EN SINSAG 0945: Andere Begegnungen mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Sikke Helder    Sikke Helder   

Naam Locatie in Tekst

Smoorhoeke    Smoorhoeke   

Smoarhoeke    Smoarhoeke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21