Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079116

Een sage (mondeling), dinsdag 21 oktober 1969

Hoofdtekst

Us heit dy hat by in boer wenne, dat wie yn 'e buert fan Grypskerk of sa. Dy boer hie in souder fol sied.
Mar dy boer woarde siik en hy sei: "Dit komt net goed mei my. Tink der om, as ik der aenst net mear bin, matte jimme 't sied oer de kop sette."
Dat biloofden se, mar se dienen it net, doe't er dea wie.
It woarde forgetten. De minsken hienen it to drok.
Doe't der in wykmannich forroan wienen nei de boer syn dea, doe hearden se dat der nachts op 'e siedsouder ien oan 't setten wie. Dat wie de âld boer. Dy kom werom om 't sied op 'e kop to setten. Dat hearden se nachten oanien.
Doe gong ien fan harren dy't noch al dryst wie, op in nacht by de ljedder op. Hy bleau op 'e bovenste trinne stean en sa seach er de souder oer. Doe stie dêr de gedaente fan de âld boer. Dy wie drok oan 't skeppen yn 't sied.
Doe skepten se de oare deis sels it sied oer de kop.
In dei letter dienen se 't yn balen en doe woarde 't forkocht.
Neitiid ha se de âld boer noait wer heard.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een boer heeft een zolder vol graan en wordt ziek. Ondanks dat ze hem beloven dat ze na zijn dood het graan omscheppen, laten ze dit na zijn dood na. Sindsdien horen ze elke avond de oude boer op de zolder dit werk doen. Als iemand uiteindelijk de moed heeft te kijken op de zolder, is de boer druk doende. De volgende dag doen ze het zelf en ze verkopen het in balen. Nadien is de boer weggebleven.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 791, verhaal 16

Commentaar

21 oktober 1969
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Locatie in Tekst

Grijpskerk    Grijpskerk   

Grypskerk    Grypskerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21