Hoofdtekst
Hjir wenne in man, dat wie Sibe Liger, hy hiet fan Henstra.
't Wie in wilewalich man, hy wie nou ris from, en dan gong 't wer op in sûpen. Hy hie in swak foar de drank.
Knjillis-skuonmakker wenne hjir ek. Dy wenne allinne en dy wie stoarn. Dy wie hwat roungear en hie in keale holle. Hy hie in buorman, dat wie Ringer Heeringa. Dêr like er op.
Ringer Heeringa hie in kaei fan 't âldhûs, dêr't de skuonmakker yn boppe de ierde lei.
Sibe Henstra hie dêr èk in kaei fan.
Op in snein-to-joun, doe't de âld-man yn 'e kiste stie tinkt Ringer: ik wol ris even by him sjen. Hy giet troch de achterdoar en sjocht even by de âld-man.
Sibe Liger wist dêr net fan. Dy wie nochal hwat bygelovich.
Hy tinkt: ik mat dêr mar even hinne. Hy hie èk in kaei fan 'e achterdoar.
't Is in âld húske mei lege kezinen. As Sibe der ynstapt, sil Ringer wer fuort. Ringer moest yn gebogen hâlding troch de doar. Doe like er krekt op âlde Knjillis-skuonmakker. As Sibe Liger him sjocht, is er alhiel fan 'e wize. Hy ropt: "Dêr is er al wer! Dêr is er al wer!"
En hy rint fuort sa hurd as er kin.
Hy miende dat Knjillis foar him stie.

Beschrijving
Sibe Liger is een wispelturige man die een zwak voor drank heeft. Knjillis de schoenmaker is gestorven en zijn buurman Ringer Heeringa lijkt op hem. Zowel Ringer als Sibe hebben een sleutel van het huis waar Knjillis ligt. Op een zondagavond gaat Ringer naar het huis toe om de man te zien en verlaat via de achterdeur het huis. Sibe wil juist via deze deur naar binnen gaan en is bijgelovig. Hij ziet de vertrekkende Ringer aan voor Knjillis en is onthutst en rent weg. Hij denkt dat de man nu al is teruggekomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 793, verhaal 5
Commentaar
27 oktober 1969
Naam Overig in Tekst
Sibe Liger   
Sibe Henstra   
Knjillis   
Ringer Heeringa   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21