Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079608

Een sage (mondeling), dinsdag 28 oktober 1969

Hoofdtekst

Sterke Hearke syn suster Rixt wenne yn Twizel by de smid.
Dêr stienen twa ambylden yn 'e smitterij. It greatste dêrfan dat woech ettelike kilo's.
Doe seinen de lju ris tsjin Rixt, hja koe dat greatste ambyld wol bûten krije. Hja sei, dat koe se net dwaen.
Doe seinen se: "Wolst wedzje om in goune?"
Mar Rixt woe net.
Doe't it kofjedrinken wie gong Rixt der stikem even út.
Even letter wie se wer yn 'e hûs.
Doe't de lju bûten kommen, stie 't ambyld op 'e strjitwei.
Hoe koe dat?
Rixt sei: "As jimme my in goune jowe, dan bring ik it der wer yn."
"Ofpraet", sei de smit. Doe hat Rixt it der allinne wer yn brocht.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Rixt is de zus van Sterke Hearke en woont in Twijzel bij de smid. Mensen wedden om een gulden ze het zwaarste aambeeld wel naar buiten kan dragen, maar ze wil niet. Tijdens het koffiedrinken gaat ze stiekem weg en legt het aambeeld op straat en zegt dat ze het voor een gulden weer naar binnen brengt. Dat doet ze vervolgens weer alleen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 796, verhaal 8

Motief

F610.0.1 - Remarkably strong woman.    F610.0.1 - Remarkably strong woman.   

Naam Overig in Tekst

Rixt    Rixt   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Twijzel    Twijzel   

Twizel    Twizel