Hoofdtekst
Linse Houwink wenne yn Suwâld. Dy buorke dêr mei syn broer dy't by him yn wenne. De beide bruorren hongen bot oan elkoar. Myn swager wenne dêr as feint.
De broer fan Linse kom to forstjerren, dêr hie Linse tige mei to dwaen.
Linse wie in tige gelovich man mei in bêst karakter. Op in kear sei er tsjin myn swager: "Ik bid en ik hoop dat ik myn broer noch ien kear sjen sil."
En dat is ek gebeurd. Op in kear siet Linse yn it haeilân to harjen. Doe stie syn broer ynienen njonken him en sy seagen elkoar lyk oan. Even letter wied er wer fuort.
Letter sei Linse tsjin myn swager: "Myn winsk is yn forfulling gien, mar ik hoopje dat ik him noait wer sjoch."
En dat is ek gebeurd. Hy hat him noait wer sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0402   
Beschrijving
De broer van Linse Houwink in Suawoude sterft en Linse is hier helemaal kapot van. Hij hoopt dat hij hem nog een keer kan zien. Als Linse een keer het hooiland aan het haren in staat zijn broer plotseling naast hem en kijkt hem aan. Zijn wens komt uit en nu wil hij hem niet meer zien. Dat is ook niet gebeurd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 797, verhaal 5
Commentaar
4 november 1969
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Naam Overig in Tekst
Linse Houwink   
Naam Locatie in Tekst
Suawoude   
Suwâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21