Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ080106

Een sage (mondeling), dinsdag 11 november 1969

Hoofdtekst

Jelle Zuidersma fan 'e Harkema kom op in saterdei werom fan it baggeljen yn Beets. Twa fan syn maten seinen: "Wy binne bliid dat it saterdei is hjoed, dan binne wy wer by 't wyfke."
Doe sei Jelle: "Och heden, as ik dêrom allinne nei hûs moest, dan koe 'k hjir wol bliuwe." (Niel hiet syn wiif)
"Om in flesfol drank wolle wy wedzje datst it wiif net ôfbliuwst salang wy hjir binne", seinen se.
"Dat nim ik oan", sei Jelle.
De snein-to-moarns moest it wiif de hinnen foer jaen. Doe gongen sy en Jelle togearre yn 't gazen hinnehok.
Doe gong der in hin foar de hoanne lizzen, mar de hoanne luts him dêr neat fan oan.
Doe skopte it wiif mei de foet tsjin 'e hoanne oan en sei: "Hastû ek nei Beets ta west to baggeljen?"
Us heit siet mei yn 'e weddenskip. Hy en syn maet stienen om in hoekje. Jelle hie de flesse drank fortsjinne.


Beschrijving

Een paar mannen waren blij dat ze na een week werken weer naar hun vrouw thuis konden. Een van hen hoefde daarvoor niet naar huis. Toen wedden ze dat hij zeker wel met zijn vrouw zou vrijen in het weekend. Op zondagochtend hoorden ze de vrouw tegen een onwillige haan zeggen: "Ben jij ook al in Beets wezen werken?" De man kreeg zijn welverdiende fles drank.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 801, verhaal 6

Commentaar

11 november 1969

Naam Overig in Tekst

Jelle Zuidersma    Jelle Zuidersma   

Niel    Niel   

Neel    Neel   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21