Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ080811

Een sage (mondeling), donderdag 29 januari 1970

Hoofdtekst

Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel.
Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar hy koe him net binei komme.
Doe gong heit nei Hindrik Pitsje (= Pitstra) ta. Hy nom 't fanke mei. Sy gongen op 'e hounekarre mei 't fanke nei greate Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne.
Wopke sei, 't fanke wie bitsjoend. Sy moesten duveldrek by de drompel dellizze, dan koe de tsjoenster der net oer komme. Sy krigen ek in drankje mei fan Wopke. Dêr moesten se tige op passe, hwant dy kat dy hie 't op 't drankje bigrepen. Dat wie de tsjoenster.
Doe't it bern it drankje ynnom, woarde it wer better.
(Myn skoanâlden wennen yn in spitkeet yn 'e Harkema, tichte by de tsjintwurdige bitonwei. It âld wiif, dat it bern bitsjoend hie wenne dêr tichte by. Sy hat dêr noait wer west).

Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

De vader van een ziek kind sloeg eens een zwarte kat onder het bed van het kindje weg. Hij dacht dat de kat een heks was, en dat het kind betoverd was. Daarom gingen ze naar Wopke, de duivelbanner. Die gaf een drankje mee, en waarschuwde voor de zwarte kat. Ook moesten ze duivelsdrek onder de drempel leggen, dan zou de heks niet meer binnen kunnen komen. Het kind werd beter, en de heks is er nooit meer geweest.




Bron

Corpus Jaarsma, verslag 808, verhaal 11

Commentaar

29 januari 1970
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Hindrik Pitsje    Hindrik Pitsje   

Pitstra    Pitstra   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21