Hoofdtekst
Yn 'e oare heide achter Surhústerfean wenne Rikele Myt.
Dat wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
Dy kat kom jouns altyd by deselde minsken. 't Wie in dikke, grouwe kat. De man sei: "Dat sil 'k dy kat ôfleare."
Hy hie in fjouwer-tinige gripe.
Doe't de kat der wer oan kom mei syn gleone egen goaide hy ta mei de gripe en hy rekke him. De kat hie by 't eech in gat en hy wie ek yn 'e bealch rekke. Mar it dier naeide noch út.
De man tocht: "dy kat màt dea wêze." Mar katten binne taei. Hy socht oeral, mar de kat wie net to finen. Dat duorre in pear dagen en doe seinen se: "Rikele Myt is èk siik. Sy hat in forband om 'e holle."
Rikele Myt wie it, dy't har yn in kat foroare hie. Hja hie de wonden krekt op 't selde plak, dêr't se de kat rekke hienen.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Rikele Myt was een heks. Zij kon zich in een kat veranderen. Op een keer gooide iemand met een zwaar voorwerp naar een zwarte kat met gloeiende ogen. Hij raakte het dier op zijn oog. Een paar dagen later merkte hij dat Myt haar hoofd verwond had op precies dezelfde plekken waar hij de kat geraakt had.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 810, verhaal 12
Commentaar
1 februari 1970
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Rikele Myt   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21