Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ081203

Een sage (mondeling), zondag 01 februari 1970

Hoofdtekst

Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven.
Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou.
Mar dat bern hie neat om by to setten. It stumper krige lang har gerak net. It bern luts sa bot se mar koe, mar 't holp net folle.
Doe't se thús kommen sloech Luts it bern hast dea.
Koarte tiid dêrnei is it fanke stoarn.
Doe krige Durkje it krap. Op 't lêst krige se 't sa binaud, krekt as siet de kweade har achter.
It bern kom hyltyd by har.
It swit roan Durkje ta 't hier út. Sy doarst net mear allinne to wêzen.
Heit wie der ris oan 't terskjen. Doe sei se ynienen: "Dêr giet de skûtelbank wer fan boven." As heit der wie, roan hja fuort nei 't hûske fan Wobbe Ael.


Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een meisje woonde bij haar grootmoeder, die haar zeer slecht behandelde. Toen stierf het meisje. Sindsdien zag de grootmoeder het kindje vaak om zich heen spoken, en ze durfde nooit meer alleen te zijn.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 812, verhaal 3

Commentaar

1 februari 1970
Andere Tote spuken.

Naam Overig in Tekst

Jehanne Durkje    Jehanne Durkje   

Wobbe Ael    Wobbe Ael   

Naam Locatie in Tekst

Boelensloane    Boelensloane   

Boelenslaan    Boelenslaan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21