Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ081605

Een sage (mondeling), dinsdag 03 maart 1970

Hoofdtekst

De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd.
Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp der yn.
Doe sei it jongfolk, dat koe hy net allinne op it dek sette.
"Wedzje om in flesfol jenever?" sei Sweitse. Dat gong oan.
Doe tilde Sweitse dat fet mei sjerp ûnder út it skipke wei en sette 't pûr allinne yn 'e Warring del. Doe't it dêr lei wienen beide kappen fan 'e klompen barst. Mar de flesse jenever hied er fortsjinne.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Mensen beweerden dat een hele sterke schipper niet alleen een vat van 300 pond op het dek kon zetten. Het lukte de schipper toch, en hij kreeg een fles jenever. De kappen van zijn klompen waren onder het gewicht gebarsten.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 816, verhaal 5

Commentaar

3 maart 1970
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sweitse van der Meer    Sweitse van der Meer   

Warring    Warring   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21