Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ081611

Een sage (mondeling), dinsdag 03 maart 1970

Hoofdtekst

De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e kessens fan 'e slachtoffers.
't Wienen meast bern dy't bitsjoend woarden. As der trije krânsen klear wienen wie 't bern dea. De krânsen (fan fear) woarden út 'e kessens helle en forbrând.
Der wie ek in tsjoenster dy foroare har jouns altyd yn in swarte kat. Sa kom se altyd by de buorlju, noait in kear yn minskegedaente.
Doe seinen de lju ris in kear tsjin dy man dy't dêr wenne: "Tink om dy kat, dy hat it op jimme pykjes bigrepen. Dêr giet er nochris in kear mei fuort."
De man sei: "Ik sil der op sjitte."
Deselde jouns skeat hy op dy swarte kat en it beest gyng dea.
Mar de oare deis wie de tsjoenster èk dea.


Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Heksen betoverden kinderen door kransen in hun kussens te toveren. Die kransen verbrandden de mensen.
Een heks kon zich in een kat veranderen, en ging zo elke avond naar de buren. Op een keer werden die buren gewaarschuwd dat ze de kat niet bij hun kippen moesten laten. Die avond heeft de man de kat doodgeschoten. De volgende dag bleek de heks ook dood te zijn.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 816, verhaal 11

Commentaar

3 maart 1970
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21