Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110409

Een sage (mondeling), vrijdag 12 april 1974

Hoofdtekst

Froeger wienen wy oan 't flaechs braekjen. Myn broer en ik moesten altyd ús heit en mem helpe, dan koenen wy deis in kwartsje de man fortsjinje. Heit hie in izeren slypbrake, wy hienen in houten brake. Elke bundel dy't wy makken woech seis poun en twa ûns. Mem kaem der noch by. Dy hie in lear oer de knibbel. Hja moest de lêste skjûden (?) der mei 't mes úthelje. Dan draeide se se ta in bundel, krekt sa lang oant der seis poun en twa ûns wie.
Mei ús fjouweren fortsjinnen wy mei elkoar in goune deis. Wy dienen 't foar in boer, 't wie winterwurk.
Op in middei wienen wy wer mei ús fjouweren oan 't braekjen. Doe kom Bontsje Keke by ús yn it hok. Hy sei tsjin mem: "Hoe is 't Aeltsje, sille wy hast hwat thé ha?"
Dat wie in fremde fraech, soks frege men yn dy tiid net.
Mar 't wie krekt, as fielde mem dat hy der in bidoeling mei hie. Se sei: "Dat kin wol."
Mem giet yn 'e hûs en makket thé ré. Hja wie yn forwachting en moest in bern ha. Dat wisten wy doe net. Mar Keke wist it wol, dy seach alles.
Mem makke har binaud. It wie bikend: dêr't Keke kom stie rouwe to wachtsjen. Mem folge de egen fan Keke. Keke hie iderkear yn ien en deselde hoeke fan 'e keamer sjoen. Mem tocht: "Komt er, omdat ik in bern ha mat?" Hja makke har birekkening, hwannear't it bern forwachte wurde koe. Doe frege se: "Knjillis, as jo hwat sjogge, hoe lang kin dat ûntstean?"
Hy antwurde: "Dat is ûngelyk, yn hoe'n tastân ik it sjoch." Neitiid krige mem in bern, dat is 23 wiken âld woarn.
Syn kistje hat yn deselde hoeke fan 'e keamer stien, dêr't Keke iderkear nei sjoen hie.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een zwangere vrouw is erg bang als een helderziende man haar bezoekt, omdat de helderziende altijd sterfgevallen vooruitziet. De helderziende man blijft steeds naar een bepaalde hoek in de kamer kijken. Het kind dat de vrouw baart sterft na 23 weken. Het doodskistje staat in de hoek waar de helderziende steeds zijn blik rusten liet.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1104, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

12 april 1974
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Bontsje Keke    Bontsje Keke   

Aeltsje    Aeltsje   

Knjillis    Knjillis   

Naam Locatie in Tekst

Keke    Keke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21