Hoofdtekst
Der wenne in notaris to Bûtenpost, dy frege Hearke, of hy in sek mei jild foar him nei Ljouwert ta bringe woe. 't Wie in hiele protte jild, allegear ryksdaelders en gounen.
"Hwat kin 'k der mei fortsjinje?" hie Hearke frege.
"Jo krije fyftich goune," sei notaris, "mar dan matte jo it by nacht dwaen."
"Goed", sei Hearke.
Der wienen trije man, dy hearden dêrfan. Dy woenen dat jild wol ha en dy tochten: as wy him mei ús trijen ûnforhoeds oanfalle, kinne wy him wol ha.
Hearke gong dy jouns op stap, mei de sek op 'e rêch.
Dy sek woech swier.
Underweis, doe't er al in hiel ein roan hie, gong er even op 'e sek sitten, om út to rêsten.
Dêr kamen de trije man tofoarskyn út 'e boskjes wei.
Dy mannen soenen him pakke.
Mar hja hienen net yn 'e gaten, dat Hearke sa sterk wie.
Hy pakte twa fan 'e mannen en sloech se sa bot mei de koppen tsjin elkoar oan, dat dy leinen opslach bûten westen. Der wienen diken om it lân hinne.
Hearke pakt de trêdde en smyt dy oer de dyk mei beamkes en al hinne nei de oare kant.
Doe naem er de sek mei jild wer op en sjoude der mei fierder.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een notaris vindt Sterke Hearke bereid 's nachts een enorme hoeveelheid geld te vervoeren. Als Hearke even op de geldzak gaat zitten om uit te rusten, springen er direct drie mannen - rovers - tevoorschijn uit de bosjes. De mannen hebben Hearkes ongelooflijke lichaamskracht onderschat: Hearke slaat twee van de mannen met de koppen tegen elkaar; de derde man wordt over de bomen gegooid.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
15 april 1974
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Bûtenpost   
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21