Hoofdtekst
Op 'e Klaei yn Easterein, dêr wenne in faem by de boer.
't Wie merke yn it doarp.
De boer pleage har dy moarns hwat. Doe sei hja: "Ik krij joun in feint, as is 't de duvel ek."
Hja gong dy jouns nei de merke ta. Mar hja kaem dyselde jouns wer thús fan 'e merke, sûnder in feint.
De ôfwask stie der noch. De frou sei tsjin har: "Dû mast de boel noch even ôfwaskje."
Wylst hja dêr mei dwaende wie, kaem der ien by de doar.
De boer gong der hinne. 't Wie in man, dy't foar de faem kom wie. De boer sei tsjin har: "Fanke, der is ien by de doar foar dy."
De faem hat de boarden yn 'e hân. Dêr rint se mei toch de molkenkelder nei de doar ta. 't Is in ûnder- en boppedoar. En dan sjocht se in keardel mei in hiel raer gesicht. Dy hinget oer de ûnderdoar hinne en hy stekt de hannen nei har út.
Hja lit de boarden falle en dan seit se: "O duvel, forlit my. De Heare Jezus helpt my."
Doe't de boer en boerinne kamen lei de faem biwusteloas by de doar. Sa hie 't har oangrypt.
Mar de duvel wie fuort.

Onderwerp
AT 1187* - Unfinished Work   
ATU 1187* - Unfinished Work.   
Beschrijving
Een boer plaagt zijn meid door te zeggen 'ik zorg dat je een vrijer krijgt, al is het de duivel zelf'. 's Avonds verschijnt er een man aan de deur voor het meisje. Als het meisje de man - in werkelijkheid de duivel - ziet, ziet ze dat hij een heel raar gezicht heeft. Ze laat de borden die ze in haar handen houdt stuk vallen en roept uit 'Duivel verlaat mij. Heer Jezus help mij'. Het meisje valt daarop bewusteloos neer, maar de duivel maakt zich uit de voeten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 24 (archief MI)
Commentaar
15 april 1974
Unfinished Work
Naam Overig in Tekst
Klaei   
Heer Jezus   
De Heare Jezus   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21