Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111136

Een mop (mondeling), vrijdag 10 mei 1974

Hoofdtekst

Japik Ingberts wenne by de boer. Doe wie 't merke op in plak. De moarns ier en bitiid helle Japik Ingberts it hynder by de boer fan 'e stâl en gong dêrmei nei de stêd ta om it op 'e merke to forkeapjen. De boer wist nergens fan. Yn 'e stêd boun er it hynder oan in pealtsje fêst foar in bakkerije. En dêr yn dy bakkerije kocht er in roune bôlle. Hy sei tsjin 'e bakker: "Triuw my dy achter ta 't buis yn, dan liket it as ha 'k in buchel."
Doe bûchde er him oer de toanbank hinne.
De bakker bûchde him mei de bôlle oer Japik Ingberts hinne en treau sa him de bôlle ûnder 't buis.
Wylst snapte Japik Ingberts gau it swiere gouden horloazje mei ketting dat de bakker foar hie.
Op 'e merk forkocht er it hynder oan in koopman en doe gong er wer nei hûs ta. Doe hie er de bôlle net mear ûnder 't buis.
De boer sei: "It hynder is fuort."
"It hynder?" sei Japik Ingberts ûnnoazel.
"Ja," sei de boer, "it is grif stellen. Wy meije togearre wol nei de merk ta, miskien is it dêr."
Doe setten se dêrhinne en doe foun de boer al gau it hynder.
"Dat is minen", sei de boer.
"Ik ha 't kocht," sei de koopman, "it is nou fan my."
"Hwa hat it jo dan forkocht?" frege de boer.
"Dy keardel dêr", sei de koopman, en hy wiisde nei Japik Ingberts.
Mar doe kearde Japik Ingberts him gau om.
"Ik forsin my," sei de koopman, "de persoan, dy't my it hynder forkocht hat, hie in buchel, mar fan gesicht liket hy der op. Mar hy is it net."
Doe moest de boer syn eigen hynder wer keapje.

Onderwerp

VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)    VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)   

Beschrijving

Japik Ingberts gaat met het paard van de boer naar de markt om het te verkopen. Hij laat een bakker een brood op zijn rug stoppen, zodat het lijkt alsof hij een bochel heeft. Terwijl de bakker bezig is, steelt Japik snel diens zware gouden horloge met ketting. Japik verkoopt als bultenaar het paard van de boer op de markt en verwijdert hierna de bochel weer. Hij gaat weer naar huis toe en vertelt de boer dat zijn paard gestolen is. Als hij met de boer op de markt op zoek gaat naar het paard, vindt de boer al gauw zijn paard terug. Als de boer de koopman vraagt van wie hij het paard gekocht heeft, wijst de koopman in beginsel Japik als dader aan. De koopman komt hier echter op terug: Japik kan de dief niet zijn omdat hij geen bochel heeft.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1111, verhaal 36 (archief MI)

Commentaar

10 mei 1974
Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe) en VDK 1525Z* 7 Brood op de rug - horloge gestolen

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Japik    Japik   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21