Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111207

Een sage (mondeling), zaterdag 08 juni 1974

Hoofdtekst

Jankemuoi wie in hiel âld minske, dy wenne hjir tichteby. Hja wie alhiel dôf en hie in soan by har yn 'e hûs wenjen fan sa'n fyftich jier. Dat wie Jan, 't wie in neef fan my.
Op in kear hie Jan nei de Tille ta west to boadskipjen. Mei de boat. 't Wie op 'e joun.
As er fuort wie die âlde Jankemuoi de doarren al bitiid fêst.
Dy jouns hie se dat ek dien. Hja lei op bêd, mar slepte noch net sa goed. Der waerd ynienen forskriklik op 'e glêzen slein en op 'e doar bounze. Al hoe dôf it âld-minske wie, hja woarde dêr kjel fan.
"Iepen de doar! Iepen de doar!" waerd der roppen.
It âld-minske waerd der hielendal oerstjûr fan, hwant hja hearde wol dat it Jan syn lûd wie.
Hja liet Jan der yn en doe rekke dy oan 't fortellen.
Doe't er fan 'e Tille kaem, hie er ticht by de wâl lâns boomd oer 't Knjillisdjip, om't er mear nei de midden de groun net rikke koe mei de boom.
Doe hie der ynienen in houn op 'e wâlskant west, in greate, grouwe, roetswarte houn mei gleone egen yn 'e kop.
Jan wie kjel woarn en skoude fierder. Hy tocht: As dy mar net by my yn 'e boat komt. Hy hoopte dat er wer fuort gean soe. Mar 't munster wykte net in tombré. Deun by 't wetter roan er lâns mei de kop nei Jan ta keard. In houn as in keal.
Stadichoan wie Jan hurder bigoun to skouwen, mar hwat hurder Jan skoude, hwat hurder de houn avansearde. Hy bleau by Jan.
Jan waerd deabinaud. Hy tocht net oars of hy soe oanfallen wurde.
Doe wie er oan 'e Twizeler feart ta. Dêr bleau it munster foar stean en dêr is Jan him kwyt rekke. Mar hy hie de skrik fan syn leven al topakken. It swit dripte him fan 'e holle ôf. Fan kleare binaudens.
Letter doarst Jan noait wer op joun mei de boat fuort.

Onderwerp

SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Een man die 's avonds in een bootje vaart ziet ineens een grote, roetzwarte hond met gloeiende ogen op de walkant. Het beest, dat wel zo groot lijkt als een kalf, blijft op de walkant hinderlijk met het bootje meerennen. Op een gegeven moment blijft het dier staan en houdt het op de man te volgen. De man is zo verschrikkelijk bang dat hij nooit meer 's avonds uit varen gaat.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1112, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

8 juni 1974
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).

Naam Overig in Tekst

Jankemuoi    Jankemuoi   

Jan    Jan   

Knjillisdjip    Knjillisdjip   

Twizeler    Twizeler   

Naam Locatie in Tekst

Tille    Tille   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21