Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111509

Een sprookje (mondeling), vrijdag 28 juni 1974

Hoofdtekst

Der wennen hjir yn 'e Westerein twa manlju, dat wienen kammeraden. Hja mochten graech in slokje en wienen faek dronken. Hja hienen altyd in hountsje by har. De iene, dat wie in Elzinga, dy hat froeger koedriuwer west.
Op in kear, doe wienen se wer smoardronken. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Deselde fan ús beiden, dy't it earst komt to forstjerren dy mat oan 'e oare fortelle hoe't er it dêr yn 't hjirneimels hat." Dat praetten dy twa mei elkoar ôf.
Doe stoar der ien. De oare bleau yn leven. Dat wie Elzinga. Op in kear lei er mei syn frou op bêd. Doe sei er tsjin 'e frou: "Ik mat der út." Hy switte as in oandrager. De frou sei: "Bliuw mar lizzen."
Mar hy moest der út.
Froeger hienen se in boppe- en in ûnderdoar. Dat wie ek it gefal by dy Elzinga. Hy gong nei de doar ta en die de boppedoar iepen. Fuortdaliks sprong syn hountsje by de doar op en doe seach er dêr syn maet stean, dy't stoarn wie. Hy hie de hân oer de heale doar hinne lizzen. Doe lei Elzinga de oare hân der yn en doe sei er: "Hoe hast it, jonge?"
"Net bêst", sei syn maet. En doe't er dat sein hie, hie er ek mei iens wer fuort west.
Elzinga hat dit faek forteld, hy hat it ús èk forteld, krekt sa't ik it jo nou fortel.

Onderwerp

AT 0470 - Friends in Life and Death    AT 0470 - Friends in Life and Death   

ATU 0470 - Friends in Life and Death    ATU 0470 - Friends in Life and Death   

Beschrijving

Twee dronkelappen spreken in een stomdronken bui met elkaar af dat diegene van hen die het eerst komt te overlijden, de ander zal berichten hoe het in het hiernamaals is. Als één van de mannen vervolgens overleden is, wordt de overgebleven man 's nachts uit bed gedreven. Als de man naar buiten kijkt, ziet hij zijn overleden maat staan. Terwijl ze elkaar de hand schudden, vertelt de overledene dat het 'niet best' met hem gaat (in het hiernamaals). Als hij dit gezegd heeft, verdwijnt de man weer.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1115, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

28 juni 1974
Friends in Life and Death

Naam Overig in Tekst

Elzinga    Elzinga   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21