Hoofdtekst
Myn beppe wie och sa'n gefoelich minske. Hja kaem ris in kear by ús, doe wie se hielendal fan 'e wize. Hja hie hwat sjoen en as hja hwat seach, dan grypte har dat bot oan. Dan hie se gjin rêst mear.
Myn beppe seach wol faker hwat. Dat mòest se sjen. Dat wie sà kaem.
Pake wie in man mei soms nuvere, healwize oanslaggen. Hy wie tsiiskoopman. Hy sutele mei tsiis by de doarren lâns. Dy tsiis hied er dan yn in sek.
Op in joun kaem er thús, doe hied er dy lege sek oer de holle hawn, en dat hie nuver like fansels.
Beppe wie in skrikachtich minske. Doe't se dat seach, waerd se sa kjel, dat hja rekke hielendal oerstjûr.
En sûnt dat moment moest se foarút sjen.
't Kaem frijwol altyd nei hwat se seach. Mar 't minske pakte der raer mei om. 't Wie in swiere straf foar har. As hja in bigraffenis fan tofoaren sjoen hie, moest sa'n bigraffenis earst fan kant wêze, dan kaem se wer by. Ik wie doe sa'n tsien jier âld, mar ik wit noch, dat der by ús yn 'e buert in berntsje siik wie.
Beppe wie doe alhiel fan 'e wize. Hja hie de lykstaesje fan dat berntsje al sjoen.
Nachts moest se faek ta 't bêd út om hwat to sjen. As de saek dan goed en wol fan kant wie, klearre beppe wer op.
Op in kear moest se der wer op in nacht op út. Doe is se stroffele en fallen. Troch dat fallen is sy it kwyt rekke. Doe hoefde se net wer hwat to sjen.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een vrouw lijdt er erg onder dat ze vaak voorgezichten heeft. Ze is erg van streek als ze sterfgevallen vooruit ziet in passerende lijkstoeten. Als ze er op een nacht uitmoet om een voorgezicht te krijgen, struikelt ze. Door de val raakt ze haar helderziendheid kwijt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1116, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
3 juli 1974
Das zweite Gesicht
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21